Epke Zonderland pakt goud op rekstôkfinale by WK yn Doha
Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat op it WK yn Doha in gouden medalje wûn op de rekstôk. Neffens turnkommentator Hans van Zetten fan de NOS wie it de bêste oefening dy't Zonderland yn jierren sjen litten hat.
Eksakt trije wiken lyn waard Zonderland foar it earst heit. Mei in skoare fan 15,100 wie er sneon de bêste fan de acht finalisten.
It is de tredde kear dat Zonderland wrâldkampioen wurdt op de rekstôk. Yn 2013 en yn 2014 wie er ek de bêste. Trije kear wûn er in sulveren medalje, yn 2009, yn 2010 en yn 2017.