Twa ferwûnen nei't auto fytser skept by Miedum

By in oanriding tusken in auto en in fytster by Miedum binne twa minsken ferwûne rekke. It ûngelok barde op de Canterlandseweg, tusken Miedum en Lekkum. De fytser waard skept en de auto bedarre yn de sleat.
© AS Media
Nei alle gedachten kaam de automobilist yn berm terjochte en fleach oer de kop. Dêrby rekke de auto de fytster.
De automobilist koe fia de achterklep sels út de auto komme, mar moast lykas de fytster mei ferwûnings nei it sikehûs ta brocht wurde. Om't der ûndersyk dien wurdt nei de oanlieding, wurdt it ferkear omlaat.