Tineke Huizinga CU-kandidaat foar Earste Keamer

Tineke Huizinga (58) fan It Hearrenfean wol foar de ChristenUnie de Earste Keamer yn. De eardere minister en steatssiktaris stiet op de foarriedige kieslist fan har partij op it tredde plak. Op dit stuit hat de ChristenUnie ek safolle sitten yn de Earste Keamer. Op 24 novimber meie de leden har noch útsprekke oer de kieslist.
© ANP
Tineke Huizinga siet earder foar de ChristenUnie yn de Twadde Keamer en wie fan 2007 oant 2010 steatssiktaris fan Ferkear en Wettersteat yn it fjirde kabinet-Balkenende. Nei de fal fan dat kabinet wie se inkelde moannen waarnimmend minister fan Folkshúsfêsting, Romtlike Oardering en Miljeubehear. Earder siet se ek yn de gemeenteried fan Hearrenfean en fan 2015 oant begjin dit jier wie se direkteur fan Wilde Ganzen.

Noch in Fries

Huizinga is net de iennige Fries op de foarriedige kieslist fan ChristenUnie. Op nûmer tolve stiet apoteker Jouke de Jong (43) út Drachten. Hy sit foar de ChristenUnie yn de gemeenteried fan Smellingerlân.
De ferkiezingen foar de Earste Keamer binne maaie takom jier.