Twa Friezen oppakt foar fjochtpartij by Krúswei yn Marum

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein twa manlju út de gemeente Opsterlân oanholden nei in fjochtpartij yn de diskoteek Krúswei yn it Grinslanner Marum. It giet om in man fan 27 jier en ien fan 31.
© Google Street View
De fjochtpartij ûntstie yn de diskoteek. De befeiligers fan Krúswei woene de twa Friezen bûten sette, mar doe kearden de manlju út Opsterlân harren tsjin de befeiligers. Dy ha dêrom oanjefte dien tsjin de twa. De fjochtersbazen binne oerbrocht nei de finzenis yn Grins.
De plysje siket noch tsjûgen fan de fjochtpartij.