Plysje Ljouwert: Rêstige nacht op twa oanhâldings nei

De plysje hat n de nacht fan sneon op snein twa manlju oanhâlden yn it útgeansgebiet yn it sintrum fan Ljouwert. In 25-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden yn ferbân mei in mishanneling yn in kafee. Ut in blaastest die bliken dat hy ek noch fierste folle drank op hie. De man krige in lokale hoareka-ûntsizzing.
(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
Eefkes letter waard in 24-jierrige Roemeen ek oanhâlden. Hy soe yn in kafee in telefoan en bankpassen stellen hawwe. Dizze man krige in kollektive hoareka-ûntsizzing.
Fierders wie it in rêstige nacht, meldt de plysje.