Follybalsters VC Snits te sterk foar Pharmafilter US Amsterdam

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn de kompetysjewedstriid tsjin Pharmafilter US Amsterdam wûn. Pharmafilter US waard yn Amsterdam yn trije sets ferslein. De setstannen wiene 26-24, 25-14 en 25-18.
Argyffoto Hester Jasper © www.dijksfotografie.nl
It is de tredde winst op rige foar VC Snits. Snits begûn it seizoen mei twa nederlagen, mar pakte foarige wike yn Zwolle har earste oerwinning (2-3). Der waard dêrnei ek wûn fan Apollo (3-0).
Snits hat no 9 punten út fiif wedstriden en stiet dêrmei op it foarlopige tredde plak yn de kompetysje.