Boer meldt troch wolf deabiten skiep by Toppenhuzen

Melkfeehâlder Sander de Jong fan Toppenhuzen meldt dat in skiep fan him nei alle gedachten deabiten is troch in wolf. Dat is opmerklik, want yn de Súdwesthoeke fan Fryslân wiene oant no ta noch gjin wolven waarnommen. De Jong wol dêrom oare feehâlders en skieppehâlders warskôgje.
It deabiten skiep yn it lân by Toppenhuzen © Sander de Jong
De boer hat de wolf net mei eigen eagen sjoen, mar is der fan oertsjûge dat syn skiep troch in wolf deamakke is. "Dit is net it wurk fan in hûn, dat kin ik sa wol sjen. It moast hast wol troch in wolf dien wêze."
De boer is der fan oertsjûge dat dit it wurk is fan in wolf © Sander de Jong
De Jong hat oanjefte dien by de plysje. Dy hâldt der ek rekken mei dat it om in wolf gean kin. It kadaver fan it skiep leit noch yn it lân op it plak fan it misdriuw. De Jong hat it Faunafûns frege om neier ûndersyk te dwaan nei it deabiten skiep. As de spesjalist fan dat fûns befêstiget dat it om in wolf giet, kin de boer in skeafergoeding krije.