Boskwachter fynt farve planken yn Amelanner bosk

Boskwachter Robert Pater fan It Amelân sprekt skande fan in dumping fan farve planken yn de bosk by Ballum. De planken binne neffens him op 'fytstasformaat' seage, sadat se maklik oer meardere plakken ferspraat wurde kinne.
© Twitter, Robert Pater
Der binne yntusken al meardere steapels hout fûn. Neffens Pater hie de dumper him de ynspanning besparje kinnen, want dy persoan hie it hout gewoan nei it stoart fan de gemeente bringe kinnen.