Fytsedief komt net fier yn Ljouwert

De plysje hat tiisdeitemiddei yn Ljouwert hiel fluch in fytsedief oppakt. De plysje krige om healwei fjouweren in melding fan stellerij fan in fyts by it treinstasjon.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Se namen fuort aksje en tsien minuten letter hienen de plysjes de dieder al te pakken. Op de Oostergowei hâlden se in 16-jierrige Ljouwerter oan dy't op de stellen fyts ûnderweis wie.
De fyts is foar ûndersyk yn beslach naam.