'Treinsurfers' fan dak trein helle op stasjon Bûtenpost

Op it stasjon fan Bûtenpost binne ôfrûne snein twa 'treinsurfers' fan it dak fan in Arriva-trein helle. It twatal, in 23-jierrige man út Grins en in 21-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân, siet op it dak fan de trein dy't fan Ljouwert yn 'e rjochting fan Grins ried.
Ynternet treinsurfers
In tsjûge warskôge de plysje. Doe't dy oankaam by it stasjon fan Bûtenpost stiene de twa manlju al op it perron ûnder begelieding fan personiel fan Arriva. De plysje hat proses-ferbaal tsjin it twatal opmakke foar it oertrêdzjen fan de Spoorwegwet.

"Vrijwel nooit"

Neffens in wurdfierder fan de plysje wurde der net faak 'treinsurfers' yn Fryslân fan de trein helle. "Het zal best vaker gebeuren, maar in Fryslân heb ik het vrijwel nooit meegemaakt."
Plysjewurdfierder Nathalie Schubert