Nije aksje fan Serious Request begjint op Flylân

De aksje Serious Request fan muzykstjoerder 3FM begjint op Flylân. Dêrwei rint it presintaasjeduo Sander Hoogendoorn en Eva Koreman fia Harns, Surch en Koarnwertersân de Ofslútdyk oer.
Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Dit jier hat de jildynsammelaksje in nije opset. It glêzen hûs wurdt net mear brûkt. Neffens de stjoerder wie it tiid foar fernijing.
No rinne trije teams troch Nederlân. Se moatte seis dagen lang ûnderweis by de minsken yn de doarpen en stêden sels foar iten, drinken en sliepplak soargje. Alletrije teams einigje op de lêste dei yn Utrecht, op 24 desimber.
De opbringst giet dizze kear nei trije ferskillende goede doelen, yn gearwurking mei Het Rode Kruis.
© ANP
Serious Request wie earder yn Fryslân. Yn 2013 stie it Glêzen Hûs op it Saailân yn Ljouwert. Dêr waard doe goed 12 miljoen euro ophelle foar it goede doel.