GGD ûndersyk: sûnens fan fierwei measte Fryske bern is goed

It giet goed mei de sûnens fan fierwei de measte Fryske bern. Dat docht bliken út in grut sûnensûndersyk fan de GGD ûnder alle Friezen ûnder de 13 jier.
GGD ûndersyk: sûnens fan fierwei measte Fryske bern is goed
Yn fergeliking mei eardere ûndersiken drinke de bern mear wetter en minder frisdrinken. Ek mei it iten fan fruit en griente giet it de goede kant op neffens it ûndersyk, mar der binne ek minpunten.
De bern bewege minder yn fergeliking mei eardere ûndersiken en minder bern binne lid fan in sportklup. It persintaazje oergewicht is gelyk bleaun.
Iten side © Shutterstock.com
Undersiker Markwin Jetzes is tefreden oer de útkomsten. "Qua voeding zijn de kinderen goed vooruitgegaan, ze ontbijten meer en eten dus meer fruit en groente en drinken dus meer water."
In opfallende feroaring is dat bern minder bewege. "Dat zit er met name in of ze wel of niet elke dag lopend of fietsend naar school gaan." It is fan 68 prosint nei 58 prosint weromrûn.
Hoe't dat komt, is net ûndersocht, mar hy hat wol in idee. "Het gaat weer beter met de economie, er zijn meer tweeverdieners en die brengen de kinderen snel met de auto naar school en gaan door naar hun werk."
Mooglik fine âlden it ek minder feilich wurden om't der mear auto's by skoalle stean. "Dat geven ze wel aan, dat ze de route onveilig vinden."
In oare oarsaak kin ek socht wurde yn it tanimmende brûken fan smartphones. "Dat is een inkoppertje. Kinderen zitten nu meer op de iPad en smartphone, dat zal ermee te maken hebben."
De wetterkraan © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Onno Falkena praat mei ûndersiker Markwin Jetzes
Oan dit ûndersyk ha hast 11.000 âlden meidien. Foar it earst binne ek bern tusken 0 oant en mei 3 jier befrege.
De GGD hat it ûndersyk ek yn oare regio's yn Nederlân. Oer it generaal binne bern op it plattelân wat sûner as yn de grutte stêden.

Sifers út it ûndersyk:

Skatende jonges yn it Slingepark oer sûnens en bewege