Hûzeprizen op 'e nij omheech

De Fryske hûzeprizen binne yn it tredde kwartaal fan dit jier op 'e nij omheech gong. Dat blykt út ûndersyk fan it CBS en it Kadaster. Hûzen wiene gemiddeld 9,2 prosint djoerder as in jier lyn. It giet om de grutste priisstiging yn 17 jier tiid.
© ANP
Opfallend is dat der yn it tredde kwartaal dit jier minder wennings ferkocht binne yn fergelyk mei 2017. Yn Amsterdam binne de hûzen noch altyd it djoerste. Dêr koste in keapwenning yn it tredde kwartaal gemiddeld 474-tûzen euro.