VC Snits hat thús gjin problemen mei debutant Apollo

De follybalsters fan VC Snits ha sneintemiddei thús mei 3-0 wûn fan Apollo. It is de earste trijepunter foar Snits fan dit seizoen. De setstannen wiene 25-18, 25-17 en 25-22.
Argyffoto Hester Jasper © www.dijksfotografie.nl
Snits begûn it seizoen mei twa nederlagen, mar pakte woansdei yn Zwolle har earste oerwinning (2-3). Apollo is nij yn de earedifyzje, mar hie nei trije wedstriden ien punt mear as Snits.
Snein wie Snits lykwols dúdlik te sterk foar de ploech út Borne. De 17-jierrige Hester Jasper wie opnij topskoarder. Sy sloech santjin punten binnen foar Snits. Roos van Wijnen wie goed foar tsien punten.