Hayo Apotheker: "Wim Kok was altijd met de publieke zaak bezig"

"Wim Kok was zó'n hardwerkende vakbondsman die zodanig met de publieke zaak bezig was, dat hij alleen daarom al veel respect verdient." Dat seit Hayo Apotheker yn reaksje op it ferstjerren fan âld-premier Wim Kok. Kok joech as minister-presidint fan 1994 oant 2002 lieding oan de twa pearse kabinetten (PvdA, VVD en D66). Apotheker wie yn 1998 en 1999 minister fan Lânbou yn it twadde kabinet fan Kok.
Wim Kok © ANP
Hayo Apotheker oer Wim Kok
Apotheker begûn syn politike karriêre yn gemeenten yn Grinslân en Fryslân. Sa kaam er al yn de kunde mei Wim Kok, dy't fan 1976 oant 1985 de earste foarsitter wie fan it fakbûn FNV. "Als burgemeester en als Groninger had ik hem al een paar keer ontmoet. Hij kwam als vakbondsman dan in het gebied met een hoge werkloosheid en bovendien kwam zijn vrouw uit Hoogezand."

Nederlân op de rails krije

Nei syn tiid as fakbûnsman gie Kok foar de PvdA de polityk yn. Earst as Twadde Keamerlid, letter as fraksjefoarsitter, doe minister fan Finânsjes en vice-presidint en úteinlik, yn 1994, as minister-presidint. "Ook als minister-president was hij een hardwerkende man", seit Apotheker. "Daardoor wekte hij bij anderen wel eens de indruk dat hij nors was en niet gevoelig voor grappen. Dat kwam omdat hij zo gedegen bezig was met zijn grote hoofdlijn: we moeten Nederland weer op de rails krijgen."
Hayo Apotheker © Omrop Fryslân
Apotheker begûn yn augustus 1998 as minister fan Lânbou yn it kabinet-Kok II. Nei tsien moannen gie er alwer út Den Haag wei. "Ik maakte zelf de balans op: mijn plan voor de sanering van de varkenshouderij werd niet genoeg gesteund in de ministerraad." Dêr spile Kok gjin rol yn. "Dat ligt vooral bij een minister zelf: als je zo'n conclusie trekt, dan moet je gaan. Zo gaan dingen, dat neem ik ook niemand kwalijk."

Heak om Ljouwert

Yn dat twadde kabinet fan Kok sieten koarte tiid trije 'Fryske' ministers. Njonken Apotheker wiene dat Loek Hermans en Annemarie Jorritsma. "We hadden toen een belangrijk punt met de Haak om Leeuwarden. In het structuurschema Verkeer & Vervoer stond de Haak om Leeuwarden, waar toen al vier jaar voor gelobbyd was, te onduidelijk op. Als noordelijke ministers zeiden we toen: 'Dat moet toch anders, want er is een noordelijk akkoord om die Haak om Leeuwarden aan te leggen.' Toen zag je ook Koks gevoel voor achterstandsregio's: als dat een belofte is, dan doen we dat. Daar moeten we 100% consequent in zijn."
Hayo Apotheker komt út Loppersum. Yn 1993 waard er boargemaster fan Ljouwert. Dat wie er oant 1998. Fan 2012 oant 2017 wie Apotheker boargemaster fan Súdwest-Fryslân. Fierder hat er waarnimmend boargemaster west fan Snits, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Nei syn ôfskie as boargemaster fan Súdwest-Fryslân waard er beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.