Liveblog | 20 oktober 2018

LIVEBLOG: SC Hearrenfean kin gjin fûst meitsje tsjin Ajax

De earedifyzjewedstriid fan SC Hearrenfean, thús tsjin Ajax, is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.
Lêst bywurke: 21 oktober 2018, 07:20
22:37

Ein fan it liveblog

Oant safier ek dit liveblog fan Omrop Fryslân fan de wedstriid Sportklup Hearrenfean tsjin Ajax. Hâld ús webside en mobile app jûn noch yn 'e gaten foar de reaksjes fan de spilers en trainer fan de Feansters. Tige tank foar it folgjen en graach oant in oare kear!
22:38
© Orange Pictures
22:33

SC Hearrenfean ferliest mei 4-0 fan Ajax

Skiedsrjochter Pol van Boekel fluitet foar de lêste kear yn it Abe Lenstra Stadion. SC Hearrenfean ferliest mei 4-0 fan Ajax. Yn de earste helte skoarden Lasse Schøne en Hakim Ziyech foar de Amsterdammers. Yn de twadde helte diene Dusan Tadic, út in dubieuze strafskop, en Kasper Dolberg dat. Ajax is in maatsje te grut foar Hearrenfean.
22:31

Huntelaar rekket de latte

Klaas-Jan Huntelaar koe dêr hast ek noch in doelpunt meipikke. Syn ynset giet op 'e latte. Gjin doelpunt dus foar de âld-Hearrenfean-spits, dy't in grut applaus krige doe't er ynfoel.
22:28

De wedstriid giet út as in nachtkears

Der bart de lêste minuten neat mear. De wedstriid giet as in nachtkears út. Ajax leaut it wol en sparret him foar de Champions League-wedstriid tsjin Benfica. Hearrenfean kin net in soad oanrjochtsje foaryn. Mitchell van Bergen krige niiskrekt noch wol in skotkâns, mar dy koe op 'e nij pakt wurde troch André Onana. Noch ien minút te gean, plus blessueretiid.
22:24

Van Amersfoort mei noch efkes meidwaan

Pelle van Amersfoort krijt ek noch wat minuten fan Jan Olde Riekerink. Hy ferfangt Sam Lammers yn de einfaze. Noch in goeie fiif minuten te spyljen yn it Abe Lenstra Stadion.