Earste oerwinning foar follybalsters Snits

De follybalsters fan VC Snits hawwe har earste oerwinning fan it seizoen binnen. Dy wie swierbefochten: 2-3 (28-26, 21-25, 22-25, 25-23, 4-15) op besite by Regio Zwolle.
Argyffoto Hester Jasper © www.dijksfotografie.nl
De oerwinning is in moaie opstekker foar de ploech fan de nije trainer Paul Oosterhof. Snits ferlear dit seizoen al fan Set-Up en Eurosped, wylst Zwolle har earste twa wedstriden wûn hie.
Nei fjouwer spannende sets wûn Snits mei oertsjûging de lêste: 15-4. Hester Jasper soarge foar 20 Snitser punten. Har kollega-passer-loper Roos van Wijnen sloech 14 punten binnen. Britt Schreurs en Lieze Braaksma soargen elk foar 11 punten.