Ljouwerter bellet alarmnûmer mear as 40 kear en mislediget plysjes

De plysje hat tiisdeitejûn in 22-jierrige man út Ljouwert oanhâlden dy't mear as 40 kear it alarmnûmer 112 belle hie.
© Plysje
De man belle út in ynstelling wei. Doe't de plysjes him oansprutsen, begûn de man te skellen en misledige er de plysjes. Dy warskôgen de man meardere kearen, mar hy gie mar troch mei syn misledigingen.
Hy is meinaam nei it buro en sit fêst foar fierder ûndersyk.