Sjoukje Adema (83) fan Boalsert fangt enoarme snoek: "Ze had ook achter de geraniums kunnen zitten"

Sjoukje Adema fan Boalsert hat dizze wike yn Grins in snoek fan mear as in meter oan de heak slein. Adema - dy't no yn Grins wennet - is 83 jier en fisket al mear as 50 jier.
© Eigen foto
Adema hat altyd yn Boalsert wenne, mar har sus en dochter hawwe har nei Grins helle. "Om wat dichterbij te wonen", seit dochter Femmy tsjin RTV Noord. Adema fisket alle dagen by it Noard-Willemskanaal en hat al hûnderten fisken fongen. Mar in snoek fan in meter; dat slagge noch nea earder.
Ze had op haar 83ste ook achter geraniums kunnen zitten
Dochter Femmy
"Ze had er heel wat tijd voor nodig om 'm aan de wal te krijgen", wist Femmy. "Maar moeder is een echte visser. Die weet wel hoe het moet." In trúk hat Adema neffens har dochter net. "Ze doet het met dode visjes en daar is niks speciaals aan. Het is toch prachtig. Ze had op haar 83ste ook achter geraniums kunnen zitten, maar nu doet ze dit."
Sjoukje Adema hat fan har dochter no wol in nije namme krigen, as oantinken oan dizze fangst: Snoekje Adema.