Ljouwert belibbet waarmste 15 oktober yn hast tritich jier

De temperatuer yn Ljouwert hat moandeitemiddei in rekôrhichte berikt, dat meldt Piet Paulusma. Om trije oere stie de termometer op 21,6 graden. Dat is krekt in tsiende graad heger as it âlde rekôr fan 1990.
Sinne © Shutterstock.com
Mooglik dat der woansdei opnij in rekôr fêstige wurdt yn Ljouwert, it moat dan waarmer wurde as op 16 oktober ferline jier.
Ek op Flylân waard moandei in rekôrtemperatuer helle. Dêr wie it mei 20,3 graden hast in graad waarmer as ferline jier op 15 oktober.