Begjin novimber útspraak yn saak A7-blokkearders

De rjochter sil pas op freedtemiddei 9 novimber útspraak dwaan yn de saak fan de A7-blokkearders. Dat is freedtejûn op de fjirde dei fan de rjochtsaak yn Ljouwert bekend makke. De ferwachting is dat de saak freed noch yn elts gefal oant 21.00 oere duorje sil.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De 'blokkear-Friezen' moasten freed opnij ferskine foar de Ljouwerter rjochtbank. Yn novimber ferline jier blokkearren 34 minsken by De Jouwer de A7 foar anty-Swarte Pyt-demonstranten. Sy waarden oanklage foar ferskate saken, lykas it tichtsetten fan de iepenbiere wei en it behinderjen fan in demonstraasje.

Liveblog

Omrop Fryslân hâldt freed fan de fjirde dei fan de rjochtsaak in liveblog by oer de rjochtsaak.