Drokte yn de hoareka troch simmerwaar

It is prachtich waar en dat is in moaie meifaller foar de horeka. Yn protte gelegenheden wurdt der ekstra personiel ynskeakele om de drokte oan te kinnen. Dat is by strânpaviljoen 't Zilt yn Harns ek sa. Dêr ha se dizze wike 80% mear omset draaid as yn fergelykbere wiken earder.
Drokte yn de hoareka troch simmerwaar
Lit de minsken mar komme. Wy binne der klear foar
Marije Bouma, betsjinning 't Zilt
Strânpaviljoen 't Zilt © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Marije Bouma sit yn de betsjinning by strânpaviljoen 't Zilt yn Harns en sjocht út nei de wykeindrokte. "Lit de minsken mar komme. Wy binne der klear foar."