Wout Zijlstra sil blokkear-Friezen in hert ûnder de riem stekke

Sterke man en bekende Fries Wout Zijlstra sil de blokkear-Friezen dy't freedte hearren krije wat foar straf oft der tsjin harren easke wurdt, yn Ljouwert in hert ûnder de riem stekke.
Wout Zijlstra as Grutte Pier © Facebookside Wout Zijlstra
Op wat foar wize dat barre sil, is noch net dúdlik. Op Facebook wurdt oproppen ta in ludike demonstraasje om de fertochten te stypjen. Zijlstra is der fan oertsjûge dat de fertochten gjin rasistyske motiven hiene, doe't se de blokkade op de A7 by De Jouwer opsetten.
Wout Zijlstra oan it wurd
"Se woene foarkomme dat de groep tsjinstanners fan swarte pyt it bernefeestje fan de lanlike yntocht fersteure soe. Demonstrearje prima, mar dan nei ôfrin fan de yntocht." Zijlstra sjocht swarte pyt sels as in held, lykas Superman. "Der moatte we grutsk op wêze."