Ried Dongeradiel net entûsjast oer plan foar 'kannabisdistribúsjesintrum'

De ried fan Dongeradiel is net entûsjast oer it plan fan John Burghout foar in 'kannabisdistribúsjesintrum' oan 'e râne fan Dokkum. Neffens Burghout kin sa'n CDC wol fjouwer miljoen omset yn it jier meitsje en in soad banen opsmite.
Kannabis © Shutterstock.com
Riedslid Rein Ferwerda fan de ChristenUnie stiet 'net te juichen' by it inisjatyf en ek Kootje Klinkenberg fan de PvdA is tsjin. "Vanwege problemen met verslaving ben ik voor de 0-optie."
Boargemaster Marga Waanders hold de ried foar dat de 0-opsje op de langere termyn mooglik net hâldber is. "Ik heb niet de illusie dat in Noordoost-Fryslân minder drugs wordt gebruikt dan elders. Alleen maar nee zeggen is volgens mij te kort door de bocht." It liket Waanders dêrom ferstannich dat de nije ried fan Noardeast-Fryslân en de nije boargemaster nochris nei it drugsbelied sjogge. "Tiden hawwe tiden."

Noardeast-Fryslân

Op fersyk fan it CDA besleat de kommisje it punt te ferwizen nei de nij te kiezen gemeenteried fan Noardeast-Fryslân. "Ik begryp net wêrom't wy it hjir jûn oer hawwe moatte", sei CDA-riedslid Jentje de Vries. "Ik wol der gjin wurd mear oer sprekke."
Boargemaster Marga Waanders en John Burghout