Hoe kinne wy ús boaiem fitaler meitsje?

Der moat folle mear neitocht wurde oer hoe't we omgean mei ús grûn. De urginsje wurdt hieltyd grutter. Dat wie ien fan de boadskippen op it kongres 'Symphony of the soils' dat hâlden waard op it Ecommunitypark yn Easterwâlde.
It belang fan in goed boaiemlibben
It omtinken foar de boaiem komt hieltyd mear op gong. Wie it in oantal jierren noch net echt in tema, no binne der hieltyd mear minsken dwaande. Want hoe hâlde je de grûn fruchtber en goed foar in foljende generaasje?
Neffens Anne Jan Zwart, direkteur fan it bedriuw Ecostyle en ien fan de inisjatyfnimmers fan it kongres, is dit it begjin fan in grutte feroaring. "Je fernimme dat se ek yn de polityk it besef krije dat we de grûn libjend hâlde moatte. De urginsje wurdt grutter om't it ek giet om de fraach hoe't je elkenien iten jaan kinne. Der moat dan ek wat feroarje."

Boeren binne dermei dwaande

Zwart kin fernimme dat it ek by de boeren hiel heech op de aginda komt te stean. "Ja, want sy binne dwaande om har grûn goed te hâlden, sadat se it oerdrage kinne oan in nije generaasje." De temadei is der benammen om it entûsjasme oan te sterkjen. "Minsken stean hjir net polarisearjend tsjinoer inoar. Elkenien wit dat de urginsje heech is en dat it better is mei te praten en te tinken."

Der mei net samar test wurde

Ien fan de problemen dêr't benammen de wittenskippers tsjinoan rinne, is regeljouwing. It is net samar mooglik testen út te fieren yn 'e boaiem. Dat is nedich, wolle je noch mear kennis krije oer de grûn en it libben dêryn.

Teepûdsjes as wittenskiplik ynstrumint

Dielnimmers koene by tal fan stands del om ynformaasje te krijen oer hoe't je bygelyks útfine kinne hoe goed as je grûn is. Sa is der de ienfâldige 'teepûdsjesmethoade'. Der wurde dan pûdsjes roaibostee en griene tee yngroeven. Nei in pear wiken wurdt it pûdsje dan wer opgroeven en oan 'e hân dêrfan kinne je útfine hoefolle organyske stof der ôfbrutsen wurde kin yn gerslân.
Goaitske Iepema is ûndersiker: "It seit wat oer de kwaliteit fan de organyske stof yn de boaiem. As dy goed is, witte je hoe goed it gewaaks groeie kin."
Anne Jan Zwart is tefreden oer it tal dielnimmers en de kwaliteit fan de diskusjes. It doel is dan ek om it om de twa jier te organisearjen en dan noch mear belanghawwenden út te nûgjen.