Fergees konsert foar alle Suzannes yn Nederlân
Goed nijs foar alle froulju yn Nederlân dy't fan Suzanne hjitte. Op 4 novimber jout VOF de Kunst in fergees konsert yn Utert. Yn 1983 kaam it populêre nûmer 'Suzanne' út en it wie sawol yn Nederlân as ynternasjonaal in grutte hit. De band bestie noch gjin jier, mar reizge fuortendaliks troch hiel Europa.

Frontman Nol Havens: "Wij dachten aan een leuke, kleine actie: een concert voor alle Suzannes in Nederland. We hebben inmiddels al zo veel aanmeldingen dat we er goed over na moeten denken wat we nu gaan doen."
Mear as tûzen oanmeldings
De mannen fan de band hiene sa'n twahûndert minsken ferwachte, mar hawwe yntusken al mear as tûzen oanmeldings binnen krigen. No binne der 16.077 Suzannes yn Nederlân en dan binne der ek noch froulju dy't fan Susanne, Suus, Suze en Susanna hjitte. "Elk afgeleide mag: Suzan, Susanne, Susanna. Alles is toegestaan."
Nammen as Suze binne dan wer in twivelgefal. De groep is no op syk nei in gruttere lokaasje om sa min mooglik minsken teloar hoege te stellen.
Nol Havens fan VOF de Kunst oer Suzanne yn De Middei fan Fryslân