VVD en CDA meitsje har soargen oer 'landjepik' troch wenweinbewenners
De VVD en it CDA yn de Twadde Keamer ha alarm slein oer wat sy 'landjepik' neame troch yllegale wenweinkampen. Ien fan dy kampen sit sûnt dizze wike by Drachtsterkompenije. De wenweinbewenners wolle mei it besetten fan stikken grûn ôftwinge dat sy mear plakken tawiisd krije. De VVD en it CDA ha minister Ollongren neffens De Telegraaf oproppen om fuortendaliks yn te gripen.

De wenweinbewenners kamen rûnom yn ús lân yn aksje nei in oprop fan minister Ollongren oan gemeenten om mear rekken te hâlden mei winsken fan wenweinbewenners. Doel fan de oprop wie om in ein te meitsjen oan it útstjerbelied fan de wenweinplakken. De bewenners seagen de oprop as in frijbrief om yn aksje te kommen.
Boargemaster Tom van Mourik fan Smellingerlân sei earder dizze wike dat de gemeente yn oerlis is mei de wenweinbewenners dy't it kampke by Drachtsterkompenije beset hâlde. Dy besetting fynt plak yn oerlis mei de hjoeddeistige eigener fan de grûn.