McDonald's op De Lemmer wer iepen nei ûntromming fanwege frjemde lucht

De McDonald's op De Lemmer hat woansdeitemiddei ûngefear twa oeren ûntromme west. De oanlieding wie in in frjemde lucht yn it fastfoodrestaurant. Klanten en meiwurkers stiene út foarsoarch bûten.
McDonald's © ANP
Sân meiwurkers fan McDonalds seine dat se lêst hiene fan prikkende eagen. De brânwacht en netwurkbehearder Liander hawwe besocht om mei mjittingen te efterheljen wêr't de frjemde lucht weikaam, mar dat is net slagge.
In saakkundige fan McDonald's sels nimt it ûndersyk no oer. De saak koe om twa oere hinne wer iepen. Op it stuit fan it ynsidint wiene der ûngefear fjouwer klanten yn de saak. De ûntromming is neffens in wurknimmer "rêstich ferrûn".