Basketballer Michaels is nei fiif jier werom by Aris: hy miste syn soan

David Michaels spile trije jier yn Súd-Koreä, mar miste syn soan safolle, dat hy is no werom yn Ljouwert. Om te basketbaljen en om heit te wêzen. Nei it suksesfolle seizoen fan fiif jier lyn is de Amearikaan werom by Aris.
David Michaels werom by soan en Aris
Michaels is no 28 jier. Op syn 22ste kaam hy nei college nei Nederlân om foar Aris te spyljen. Hy makke it bêste seizoen yn de histoarje fan de klup mei. Aris helle de finale en ferlear dy fan Leiden.
"It wie in geweldich seizoen. Ik ha noch altyd kontakt mei in soad spilers fan dy tiid. Wy hiene mei Erik Braal in goede coach en ik ha doe in hiele moaie tiid hân."
© Dijksfotografie
Michaels waard yn de perioade dat hy yn Ljouwert spile heit. Dêrnei gong er nei Súd-Koreä om te basketbaljen. Hy hat in Koreaanske mem en sadwaande koe hy mei de Koraanske nasjonaliteit dêr spylje.
"It wie hurd wurkjen foar ús sinten en in soad traine. Mar ik bin dêr echt better wurden." Syn soan kaam ek nei Súd-Koreä, mar wie meastentiids dochs yn Nederlân. Dêrom hat Michaels derfoar keazen werom te kommen nei Nederlân.

"Myn soan is alles foar my"

Hy wennet yn in appartemintekompleks mei oare spilers en reizget tusken it hûs fan syn soan, dy't ûnder oare by syn pake en beppe wennet. "Hy is no hast fiif. It is fantastysk om wer altyd by him te wêzen. It libben yn Súd-Koreä wie ek goed, mar hjir hat hy it krekt wat better. Myn soan is alles foar my."