Froulju fan Fryslan: hoe stiet it mei de stânbylden?

Wiken is der hurd wurke en de bylden fan de seis Froulju fan Fryslân binne hast klear. Mei dit projekt krije seis útkeazen froulju harren eigen stânbyld. Keunstner Natasja Bennink is op it stuit dwaande mei it ôfwurkjen fan de brûnzen bylden. Mar dêr gong hiel wat oan foarôf. Te begjinnen mei in tocht nei Flylân.
Froulju fan Fryslân: hoe stiet it mei de stânbylden?
Yn Fryslân steane benammen stânbylden fan mannen en dêrom is it tiid foar feroaring. Byldzjend keunstner Natasja Bennink en programmamakker Marleen Godlieb binne dêrom mei Froulju fan Fryslân, in projekt wêryn't der fan seis gewoane froulju stânbylden makke wurden.
De seis froulju binne wichtich op watfoar wize dan ek: foar de famylje, it doarp of in feriening. Nei nominaasjes binne der seis froulju útkeazen: Tytsje Porte, Jildou Valk, Mirte van der Veen, Anke Bruin, Gea Smits en Froukje Hofma.
Yn de wike fan 22 oktober wurde harren bylden ûntbleate. En yn it neijier is op Omrop Fryslân it hiele proses te sjen.
© Omrop Fryslân