Liveblog | 9 oktober 2018

LIVEBLOG: De twadde dei fan de rjochtsaak tsjin de A7-blokkearders

Rjochtbankferslachjouwer Auke Zeldenrust folget ek tiisdei de hiele dei de saak.
Lêst bywurke: 12 oktober 2018, 09:52
20:49

Auke Zeldenrust nei dei 2

Auke Zeldenrust oer de twadde dei
20:48

Dei 2 sit derop

De twadde dei fan de rjochtsaak oer de A7-blokkade sit derop. Tiisdei moasten 19 fertochten foarkomme yn Ljouwert. Oer it algemien like it op de earste dei, seit ferslachjouwer Auke Zeldenrust: "Alle fertochten sizze dat se slagge binne yn har opset en dat se grutsk binne. Guon sizze dat de blokkade miskien net de bêste manier wie om dat te dwaan, mar dat it doel de middelen hilliget."
19:27

Imago Fryslân?

Fryslân Hjoed oer de A7-blokkearders
16:35

Onbewust

Fertochte: "Ik ben er onbewust in terecht gekomen. Ik haalde de bussen in en was gewoon nieuwsgierig." Rjochter Lootsma hat har twivels: "Uw verhaal vind ik moeilijk te rijmen."
16:26

Ramptoeristen

In 23-jierrige frou út Noardburgum: "Wij waren gewoon nieuwsgierig, in feite waren we ramptoeristen."
15:46

Spontane actie

In 46-jierrige man út Damwâld: "Het is was een spontane actie. Iedereen mag protesteren, maar niet op de dag van een kinderfeest. Daar horen geen grote joelende mensen bij."