Ried It Amelân iens mei ôfsnijen bocht yn geul by Holwert
De gemeenteried fan it Amelân wol Rykswettersteat fergunning jaan om de bocht yn de geul by Holwert ôf te snijen. De bocht leit op oardel kilometer noardwestlik fan de feardaam. Troch it ôfsnijen fan de bocht yn it waad wurdt de farwei 900 meter koarter en dat smyt in tiidwinst fan 6 minuten op.

It tichtslykjen fan de geul makket de fartiid nei it eilân hieltyd langer. De minister wol dat der in nij ûndersyk komt nei it útbaggeljen fan de fargeul, mar de gemeente wol dêr net op wachtsje. It ôfsnijen fan de geul soe healwei 2019 klear wêze moatte.
Wethâlder Theo Faber hat fertrouwen yn Rykswettersteat. Dy soarget derfoar dat de farwei ferkoarte wurdt, sûnder dat de natuer dêrûnder te lijen hat.