Diskoteek De Prins yn Boalsert definityf ticht fanwegen wetterskea

Diskoteek De Prins yn Boalsert slút definityf de doarren. De skea fan stikkenferzen wetterliedingen begjin dit jier is gewoanwei te grut om wer los te kinnen, seit útbater Willem Adema fan De Prins.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn maart knapten ferskate wetterliedingen troch de froast. Dat soarge der ûnder oare foar dat it lûdsisolaasjemateriaal fol mei wetter kaam te sitten en dat it plafond nei ûnderen kaam. Alle skea wer oplosse kostet in soad tiid en jild. En dat hat Adema der net foar oer, no't it bedriuw al sa lang ticht is.

Protte jild en enerzjy

"Als je in de horeca een half jaar dicht bent geweest, dan is de loop er volledig uit. Dan de klanten weer terugkrijgen kost heel veel geld en energie", seit Adema.
De hoarekaûndernimmer hat neist De Prins ek it goed rinnende Shooters yn Ljouwert. Twa en in heal jier lyn seach er lykwols in kâns om ek yn Súdwest-Fryslân oan de slach te gean. "De vorige eigenaar zag het niet meer zitten. Het kon voor hem niet meer uit, maar ik wilde het graag proberen."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It wie net maklik om it bedriuw op de rit te krijen. "Het eerste jaar was gewoon heel zwaar. Dat heeft ons ook meer geld gekost dan het heeft opgeleverd. Maar het liep eigenlijk de laatste paar maanden heel lekker", seit Adema. "En dat je dan door zo iets eigenlijk niet verder kan, is zonde."
Neffens Adema hie er sûnder de wetterskea graach fierder wold yn Boalsert. Al wie it allinnich mar om't er neffens him yn Súdwest-Fryslân eins te min útgeansgelegenheden binne.
Ferslachjouwer Wytse Vellinga seach by De Prins yn Boalsert