Grut lânskipsûnderhâld mei grutte masinen op ferskate plakken yn Fryslân
Yn súdeast-Fryslân, de Noardlike Fryske Wâlden, Skylge en rûnom Sint-Nyk wurdt sûnt dizze maitiid wurke oan it ferbetterjen fan it lânskip foar in bedrach fan 2,6 miljoen euro. Gong it earder om relatyf lyts wurk; dizze moanne wurdt in fersnelling heger skeakele.
Grut lânskipsûnderhâld mei grutte masjines
Dêrby wurde graafmasinen ynsetten. Lykas op De Hoeve dêr't moandei de earste fan 30 puollen foar ynsekten, kikkerts en podden útgroeven waard. Troch dat en oar grûnwurk is op guon plakken it wurk even hiel goed sichtber.