Oannimmer DVJ freget útstel fan betelling oan
Oannimmersbedriuw DVJ op De Jouwer hat moandei útstel fan betelling oanfrege by de Ljouwerter rjochtbank. Mei it útstel fan betelling wol it bedriuw in fallisemint foarkomme. Alle 284 skuldeaskers hawwe in mail krige, wêryn't de nuodlike finansjele situaasje út de doeken dien wurdt.

Foar rinnende projekten besiket DVJ ôfspraken te meitsjen mei de opdrachtjouwers. Foar de wurknimmers sil yn gearwurking mei it UWV en fakbûn CNV in plan makke wurde.
'Het hoogst haalbare'
De direksje lit op de eigen webside mei klam witte dat it oanfreegje fan it útstel fan betelling net bedoeld is om op goedkeape wize fan de skulden ôf te kommen en sadwaande sûn de konkurrinsje wer oan te kinnen. "In onze visie is deze aanpak van de problematiek binnen de huidige omstandigheden het hoogst haalbare."