Piet Boelens is 'Six Star Finisher' nei maraton fan Chicago
Maratonrinner Piet Boelens út Kollumersweach hat snein 'by de maraton fan Chicago de finish helle. Dat die hy yn in tiid fan 4.08.19. De 66-jierrige Boelens mei himsels no 'Six Star Finisher' neame. Dat is in earetitel foar ien dy't de maratons fan Chicago, New York, Londen, Tokyo, Boston en Berlyn rûn hat.
Earder sei Boelens al oer dy prestaasje: "Dan krij ik in spesjale plakette wêrop't alle seis maratons stean. Dêr kin ik dan grutsk op wêze. Ik bin net sasear in medaljeman, mar dizze maratons bliuwe wol echt op it netflues stean, ek foar it spesjale doel."
Jild ophelje foar KiKa
Boelens sammelet mei syn maratons jild yn foar de stifting Kinderen Kankervrij (KiKa). It wie yn totaal de 34ste maraton sûnt Boelens yn 2007 begûn mei hurdrinnen. Al sân kear rûn er foar it goeie doel en hy is Ambassadeur fan Run for KiKa Marathon. "Yn 2011 kaam KiKa op myn wei. Alle trije dagen giet yn Nederlân in bern dea oan bernekanker. Dêrtsjin wol ik my ynsette. Sûnt 2011 ha ik 80.000 euro ophelle, mar it giet derom dat we mei-inoar yn binnen- en bûtenlân alle jierren miljoenen euro's ophelje, foar de bêste behanneling foar bernekanker."
Mo Farah út Ingelân wûn de maraton fan Chicago. Dat die hy yn in nij Europeesk rekôr fan 2.05.11. Dêrmei wie hy 37 sekonden rapper dan it âlde rekôr fan Sondre Nordstad Moen út Noarwegen.