SC Hearrenfean wint mei romme sifers fan De Graafschap

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn Doetinchem wûn fan De Graafschap mei 5-0. Sam Lammers en Michel Vlap skoarden beide twa kear en Jizz Hornkamp makke it ôf.
© www.orange-pictures.nl
Yn de fiifde minút wie der in kâns foar de Feansters, mar Sam Lammers kaam in teanlingte tekoart. Ek de reaksje fan de thúsploech dêrnei skeelde net folle. Beide ploegen spilen yn in heech tempo.
Sam Lammers koe syn klasse letter wol sjen litte. Mei in prachtige krul makke er in doelpunt yn de 25ste minút. It befrijende doelpunt foar de ploech fan trainer Olde Riekerink dy't oant no ta yn sân kompetysjewedstriden noch mar ien oerwinning behelle hie.

Sammers en Vlap binne los

De Friezen diktearren de wedstriid en Lammers wie los. Trije minuten letter skoarde er nochris. De VAR-skiedsrjochter moast der oan ta pas komme om te sjen oft der sprake wie fan bûtenspul, mar it doelpunt waard goedkard.
Yn de 36ste minút krige Michel Vlap de bal yn it net, dus it tredde doelpunt foar de Feansters. En ek hy skoarde rap nochris. Yn de 40ste minút skoarde de Snitser mei in wipperke.
Yn de 63ste minút krige De Graafschap pas in earste corner, mar keeper Hahn helle de bal út de loft. Yn de twadde helte wie it tempo der wat út, 'de foet is wat fan it gaspedaal'. De Feansters hienen wol it measte balbesit, mar krigen net folle kânsen mear. De Graafschap die alle war om de skea te beheinen.

Hattrick?

Man of the match, Michel Vlap, waard flak foar de ein nei de kant helle. Hy hie miskien wol in hattrick skoare kinnen, lykas Sam Lammers. Vlap waard wiksele foar Van Amersfoort.
Net earder hie SC Hearrenfean de nul hâlde kinnen dit seizoen, mar dat slagge dizze jûn lang om let.
Jizz Hornkamp makke it feest foar de meireizge supporters kompleet. Flak foar de ein skoarde er yn de 88ste minút en bepaalde dêrmei de einstân op 5-0 foar de Feansters.
© www.orange-pictures.nl
De Graafschap-trainer Henk de Jong siet him te ferbiten. Syn ploech joech de doelpunten kado.
Nei rêst moast De Graafschap fierder mei tsien man nei't Erik Bakker in reade kaart krige. De âld-Cambuurspiler helle de trochbrutsen Vlap nei ûnderen.
SC Hearrenfean wint mei romme sifers fan De Graafschap
De druk naam foar dizze wedstriid hieltyd fierder ta op SC Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink om't syn ploech noch mar sân punten helle hie.