Epke Zonderland wurdt mei turnteam twad yn ynterlân

It Nederlânsk turnteam is yn Gent twadde wurden yn in ynterlân tsjin België en Frankryk. Yn it team die Epke Zonderland mei en ek Michel Bletterman fan de turnskoalle Hearrenfean.
De Frânske ploech wie mei goed twa punten better en wûn de ynterlân. Neffens bûnscoach Bram van Bokhoven wie it in goeie teamtest mei noch twa wiken te gean rjochting it WK.