'Ferhalen yn it lânskip': Fryske keunstners stypje talinten
Mear as 140 Fryske keunstners litte fan snein ôf ûnder de titel 'Ferhalen yn it lânskip' har wurk sjen yn it markante CAV-gebou yn Aldeberkeap. It giet om in inisjatyf fan de stifting O18, dat ûntwikkeling fan keunsttalinten as doel hat.

Yn it projekt, dat ferbûn is oan LF2018, krije de talinten stipe fan fiif ferneamde Fryske keunstners: Tryntsje Nauta, Christiaan Kuitwaard, Anne Feddema, Gerrit Terpstra en Tjibbe Hooghiemstra. Ek sels toane se har wurk yn it yndustriële gebou yn Aldeberkeap en kieze út it anonime oanbod de fiif meast talintfolle kollega's.

Op 28 oktober, de lêste dei fan de útstalling, meitsje de 'masters' bekend hokker 15 keunstners meidwaan kinne oan de saneamde 'masterclasses' en úteinlik ûnder mear by Open Stal eksposearje meie.

René Koster praat mei Peter Hiemstra

De útstalling yn it CAV-gebou is dizze moanne freeds, sneons en sneins, middeis fan 13 oant 17 oere iepen. Elk kin dêr fergees hinne.