Gemeente Waadhoeke hat de baarch goed fol mei 1,3 miljoen euro

It nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Waadhoeke hat de earste eigen begrutting fêststeld. De begrutting hat in posityf saldo fan 1.300.785 euro. "Dy buffer is wol nedich om tsjinfallers op te fangen. Sa is yntusken bekend dat it Ryk minder útjout en der dus minder jild yn it gemeentefûns sit", seit Caroline de Pee, wethâlder finansjen.
Baarch © Shutterstock.com
Nettsjinsteande de goeie earste sifers, ferwachtet de gemeente dat se noch in soad enerzjy stekke moatte yn it harmonisearjen fan it belied. Waadhoeke is op 1 jannewaris 2018 ûntstien út in fúzje fan Frjentsjer, it Bilt en Menameradiel en út fjouwer doarpen fan Littenseradiel. En al dy gemeenten hawwe de saken oars regele. Om't dat no sintraal bart, kinne de saken mooglik wol effisjinter makke wurde.

Meitinke oer tûzenen euros

It gemeentebestjoer wol tichtby de ynwenners stean en dus meie dy meitinke oer in tal saken dy't ûntwikkele wurde moatte op it mêd fan ekonomy, toerisme, leefberens en lânskip. Om dat goed ûntwikkelje te kinnen freget B&W de ried om dêr 200.000 euro foar frij te meitsjen.
It jild dat nei it ûntwikkeljen oerbliuwt, wurdt yn in fûns dien dêr't projekten út betelle wurde kinne.