Ljouwert wurdt oerfallen troch in Trojaansk hynder

Yn in loads op yndustryterrein De Swette yn Ljouwert wurdt stadichoan de foarm fan in hynder sichtber. It houten skelet is fierhinne klear en ek it begjin fan in pear fuotten is te sjen. Fiif studinten wurkje hurd om it skelet te ûntwikkeljen mei plestik. Se hawwe noch in lytse wike om it hynder fan Troje ôf te krijen.
Stan Stukje mei it hynder fan Troje © Omrop Fryslân
It Frisian Trojan Horse is in inisjatyf fan The Green Alert. Dat binne studinten út it HBO en it MBO yn Ljouwert dy't gearwurkje yn in learbedriuw. Stan Stukje is de projektlieder: "Wij willen met dit paard het probleem van plastic en zwerfafval op de kaart zetten. Het is overal aanwezig en heeft een effect op onze gezondheid".

In hynder fol plestik

De bedoeling is om it hynder te foljen mei plestik. De studinten hawwe dat út winkels yn de stêd helle. Stukje: "Het is gewoon goed en mooi plastic dat om een doos zat. Dat wordt dan gewoon weggegooid terwijl je het best ergens anders ook voor kunt gebruiken". Troch mei keunstners út de buert te wurkjen lizze de keunstners in link nei Kulturele Haadstêd.
© Omrop Fryslân
It is benammen rjochte op de jongerein."We hadden kunnen kiezen voor een congres, maar dat is wel behoorlijk saai. Of afval gaan rapen met een grote groep. Maar door het op een ludieke manier onder de aandacht te brengen denken we dat we meer effect hebben", sa seit Stukje.

In grut en in lyts hynder

It hynder wurdt 4,5 meter heech. Der is ek in lytser hynder makke. Arjen van der Zwaag is de keunstner dy't it hynder betocht hat: "Op dizze wize wol we sjen litte dat it probleem de lêste tsien jier trije kear sa grut wurden is. It is no tiid om nei te tinken oer wat wy oars dwaan kinne".

Troch de brêge

Op 10 oktober, de dei fan de duorsumens, fart it Frisian Trojan Horse Ljouwert binnen en makket it in tocht troch de grêften. De studinten diele dan duorsume wetterflessen en oare artikels út om sjen te litten dat it oars kin. It hynder kriget in tydlik lisplak by de Prinsetún yn de stêd.