Kabelbreuk by Skiermûntseach kaam troch in boat
De breuk yn in glêsfezelkabel by Skiermûntseach ôfrûne simmer is neffens KPN feroarsake troch in boat dy't de kabel stikken lutsen hat.

Troch de breuk sieten ynwenners fan Skiermûntseach yn augustus twa dagen sûnder ynternet, telefyzje en telefoan. Sa koene minsken bygelyks net pinne en ek de alarmknop fan pasjinten by thússoarch die it net.
KPN tinkt dat de skea ûntstien is by it ankerjen fan in skip. It duorre twa dagen foardat de steuring foarby wie. De breuk is net makke, mar de kabel is omlein.