4 oktober: is it no Bistedei of Dieredei?

Tongersdei 4 oktober stiet hielendal yn it teken fan bisten. Op dizze dei sette minsken harren hûn, kat, hamster of tsjintsjilla ris ekstra yn it sintsje. It is dan nammentlik Bistedei. Mar kloppet de namme foar dizze feestdei wol?
Jonge kat © Shutterstock.com
De ien seit Bistedei, de oar Dieredei. Om de diskusje iens en foargoed de wrâld út te helpen, praten wy mei Mirjam Vellinga fan Afûk. Wy fregen har wat no krekt it geef Fryske wurd is. Vellinga: "In bist is as kij en skiep. Bisten dy'tst sjochst op in pleats bygelyks. Dieredei is foaral rjochte op húsdieren. It is húsdieren en net húsbisten."
It is derom dus Wrâld Dieredei. Bistetún en dieretún meie dan wer wol beide.
Op ús Facebookside hawwe wy Friezen frege wat neffens harren it juste antwurd wie. Goed 80 prosint hie it lykwols by it ferkearde ein en tocht dat it 'Bistedei' wie.
Bistedei of dieredei?