Fryske Dûnsdagen: elkenien kin dûnsje, sels mei in beheining

'Iedereen kan dansen' is it tema fan de earste Fryske Dûnsdagen. Fan tongersdei 4 oktober oant en mei moandei 8 oktober is De Harmonie yn Ljouwert ien grutte gribus fan dûnsjende minsken, workshops en foarstellings.
© Omrop Fryslân
In bysûndere foarstelling dy't opfierd wurdt is 'Sprookje zonder beperking'. Dêryn draait it om de ûnferwachte dûnser. Minsken fan wa't men tinkt dat se net dûnsje kinne troch in beheining en dêrom net binnen de jildende noarmen fan perfeksje falle.

Dûns sit yn ús

"Dans zit in ons", seit Marlien Seinstra. Sy is goreografe fan de foarstelling. "Als je hele kleine kinderen ziet en je zet een muziekje aan en dan beginnen ze al een beetje te dansen. Soms zijn er Friezen die dat vergeten zijn en denken dat ze het niet kunnen, maar ik denk dat iedereen kan dansen."
Ien fan de dûnsers yn de foarstelling is Janneke Poiesz. Se hat in lichaamlike beheining, mar dit hâldt har net tsjin om net mei hert en siel te dûnsjen. "Ik ha altyd al gek op dûnsjen west. As puber stie ik al de hiele jûn solo of mei oare minsken yn de bar dancing. Ik koe it gewoan net litte."
Dûnsje: je leve je út op de muzyk, lekker je lichem yn beweging, hearlik fyn ik it!
Janneke Poiesz
"Yn 1988 wie ik 33 jier, doe ha ik in ûngemak hân", seit Janneke. "Dêr praat ik fierder leaver net oer, mar doe bin ik myn fuotten kwytrekke." Dat hie in grutte ympakt op har libben. Dochs pakte se de tried wer op en se begûn wer te dûnsjen. "Je libje je út op de muzyk, lekker je lichem yn beweging, hearlik fyn ik it!"
Fryske Dûnsdagen
"It is hiel goed dat soks bart, om minsken mei in beheining wer te yntegrearjen yn de maatskippij", seit Janneke oer de Fryske Dûnsdagen. "Der binne noch altyd minsken dy't net witte hoe't je mei minsken mei in beheining omgean moatte. Dit helpt dêr in stikje by."
Janneke Poeisz fertelt oer hoe't se har libben wer oppakt hat neidat se har fuotten ferlear