Utbrânde bus en stikkene autoruten by bedriuwen yn Drachten
Unbekenden ha yn de nacht fan tiisdei op woansdei foar tûzenen euro's skea oanrjochte by twa bedriuwen oan de Jade yn Drachten. By Kobo Motoren waard in bedriuwsbus yn de brân stutsen. Neist it motorbedriuw binne by Fiat-garaazje Jelle Talsma fjouwer auto's fernield.

De ruten fan de sa goed as nije auto's waarden ynslein, wêrûnder dy fan in kabrio. Fan dizze auto moat it hiele dak ferfongen wurde. It bedriuw rûst de skea op tûzenen euro's.
Beide bedriuwen sille oanjefte dwaan by de plysje. Omdat it nei alle gedachten om brânstichting giet, is de plysje al mei in ûndersyk dwaande.