Direkteur teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer giet fuort

Opnij sit in Fryske kultuerynstelling sûnder lieder: Lineke Kortekaas hâldt op as direkteur fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer. By De Harmonie yn Ljouwert stapt de direkteur op, op It Hearrenfean is in ynterimmer oan de slach, en it teäter yn Snits hat krekt in nije direkteur.
Lineke Kortekaas © Joan van de Brug
Lineke Kortekaas kaam fiif jier lyn by De Koornbeurs en krige dêr de opdracht om de finansjele tekoarten op te lossen. Se hat no in baan oanbean krigen yn Noard-Hollân. Der sil Kortekaas fierder. Oant 1 desimber bliuwt se direkteur fan it teäter yn Frjentsjer.
"Vijf jaar geleden trof ik in Franeker een prachtig theater aan, met veel potentie en aanhang. Het had absoluut een functie voor de regio Noord-West Friesland", seit Kortekaas.

Finansjeel dreech

It teäter hat it sa no en dan finansjeel wol dreech hân. Kortekaas krige fiif jier lyn dan ek de opdracht om mei de tekoarten oan de slach te gean. "Ik heb eigenlijk heel veel met de gemeente gesproken. We hebben een onderzoek gedaan en we hebben plannen gemaakt voor de toekomst", fertelt Kortekaas. Mar dizze kâns koe se net lizze litte.
Lineke Kortekaas oer har beslút
Mei de nije gemeenteried is yn juny fan dit jier besletten dat der de kommende fjouwer jier gjin tekoarten mear wêze meie. Gemeente Waadhoeke hat doe besletten de subsydzje te ferheegjen.