EU makket 1,2 miljoen euro frij foar ûntsleine bankmeiwurkers

It foarstel foar Europeeske stipe foar 450 ûntsleine bankmeiwurkers út Fryslân, Drinte en Oerisel hat it mei in romme mearderheid helle. It Europeesk Parlemint is akkoart mei in jildbedrach fan 1.192.500 euro.
© Pixabay
Yn de trije belutsen provinsjes ha yn 2017 mei-inoar 1.324 bankmeiwurkers harren baan ferlern as gefolch fan de finansjele en ekonomyske krisis. Alle wurknimmers krije 900 euro.
De stipe út it fûns is bedoeld foar it sykjen nei in nije baan, ûntslachbegelieding en oplieding. "Ik stim foar, mar wy binne eins net foar sa'n fûns", sei Europarlemintariër Jan Huitema fan de VVD earder al.