Ûndersyk RIVM: peaskefjoer krekt sa skealik as fjoerwurk

De mannichte fynstof dy't peaskefjurren útstjitte is fergelykber mei fjoerwurk by de jierwiksel. Dat docht bliken út ûndersyk fan it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu).
Ûndersyk RIVM: peaskefjoer krekt sa skealik as fjoerwurk
"De bijdrage die paasvuren leveren aan de totale landelijke uitstoot van fijnstof is minimaal, maar dat wil natuurlijk niet zeggen dat paasvuren lokaal niet voor overlast kunnen zorgen", seit Margreet van Zanten fan it RIVM tsjin RTV Oost. De measte fynstof komt fan ferkear, lânbou, yndustry en konsuminten. Dat komt del op twa-tredde fan de útstjit.
It is de earste kear dat it RIVM ûndersyk docht nei de útstjit fan fynstof. Dat barde op fersyk fan de Stichting Houtvrij. Neffens de stifting is it ûntstekken fan peaskefjurren in "immense milieuvervuiling" en binne der "bijbehorende gezondheidsrisico's".
Ûnder oare yn Weststellingwerf en De Fryske Marren binne der alle jierren in soad peaskefjurren.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker