Man stelt brommer ûnder ynfloed fan drugs
De plysje yn Ljouwert hat moandei in 30-jierrige man út de stêd oanhâlden dy't earder by it treinstasjon in brommer stellen hie.
Nei syn oanhâlding op de Aldebaranweg die bliken dat de man ûnder ynfloed wie fan kokaïne, amfetamine en GHB. Hy hie ek gjin rydbewiis en mocht dus net brommerride. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.