Yrritearre Danny Noppert útskeakele op World Grand Prix

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is yn de earste ronde fan de World Grand Prix útskeakele. De Welshman Gerwyn Price wie yn Dublin mei 2-0 te sterk.
Danny Noppert © www.orange-pictures.nl
Op de World Grand Prix moatte darters legs iepenje en beëinigje mei in dûbel. Price pakte de earste set.
Yn de spannende twadde set ûntrûnen de twa darters elkoar net folle. Noppert miste trije pylken op in beslissende tredde set. Price makke it wol ôf.

Wurden

De twa darters hienen even wurden op it poadium. "Hy stie konstant achter my te praten of te mompeljen. Dat fyn ik swier yrritant", sei Noppert. "It is ek net terjocht dat hy wûn hat, fyn ik. Hy besocht om my út myn spul te heljen, dat is him slagge."
Noppert seach ek nei himsels. "Miskien is it slecht fan my dat ik dan net genôch fokust bin. Mar seachst it ek wol oan it publyk, dat wie foar my. Ik bin yn elts gefal bliid dat ik hjir stie."

Earste PDC-titel

Ofrûne wykein pakte Noppert syn earste PDC-titel. Yn de finale fan it Players Championship, ek yn Dublin, wûn Noppert mei 6-4 fan Ian White, de nûmer alve fan de wrâld. Yn de heale finale fersloech Noppert boppedat regearjend wrâldkampioen Rob Cross.
Der binne twa grutte dartorganisaasjes: de PDC en de BDO. Oan it begjin fan dit jier makke Noppert definityf de oerstap nei it kommersjele dartbûn PDC.